Menu

Histoarje

Al hiel lang jildt it as in bysûndere sportive prestaasje om op ien dei op redens alle alve Fryske stêden oan te dwaan: in ôfstân fan omtrint 200 kilometer.

Ûnder de hûnderten manlju en froulju dy’t yn de lange winter fan 1890 op 1891 op eigen inisjatyf de tocht folbrochten, wie ek sportpionier Willem ‘Pim’ Mulier. Hy naam it inisjatyf ta de earste ‘organisearre’ Alvestêdetocht. Yn 1909 skreau De Friesche IJsbond foar it earst in alvestêdewedstriid út.

De Friesche IJsbond woe it by dy iene kear litte, mar mr. M.E. Hepkema, jurist yn Ljouwert, miende dat dizze foarm fan hurdriden takomst hie. Hy fûn in aparte organisaasje dêrby fan belang. In pear dagen dêrnei, op 15 jannewaris 1909, rjochte hy mei oare entûsjaste Friezen de Vereniging De Friesche Elf Steden op. It doel fan de Feriening is it befoarderjen fan de iissport yn de provinsje Fryslân en yn it bysûnder, sa mooglik alle jierren, it organisearjen fan in Alvestêdetocht op redens. Mr. Hepkema wie de earste foarsitter (fan 1909 oant 1947).

De Alvestêdetocht bestiet út in wedstriid en in toertocht, dy’t beide op deselde dei en lâns deselde rûte plakfine. Sûnt 1909 is de tocht fyftjin kear ferriden.

 

Winners

DatumDielnimmerWenplakRijtijd
sneon 2 jannewaris 1909M. HoekstraWergea13.50
woansdei 7 febrewaris 1912C.C.J. de KoningArnhem11.40
sneon 27 jannewaris 1917C.C.J. de KoningArnhem9.53
tiisdei 12 febrewaris 1929K. LeemburgLjouwert11.09
sneon 16 desimber 1933A. de VriesDronryp9.53
 S. CasteleinWarten 
tiisdei 30 jannewaris 1940P. KeizerDe Lier11.30
 A. AdemaFrjentsjer 
 C. JongertAlkmaar 
 D. van der DuimWergea 
 S. WestraWarmenhuizen 
tongersdei 6 febrewaris 1941A. AdemaFrjentsjer9.19
tongersdei 22 jannewaris 1942S. de GrootWeidum8.44
sneon 8 febrewaris 1947J. van der HoornTer Aar10.51
woansdei 3 febrewaris 1954J. van den BergNij Beets7.35
tiisdei 14 febrewaris 1956Gjin priis útrikt  
freed 18 jannewaris 1963R. PapingOmmen10.59
tongersdei 21 febrewaris 1985E. van BenthemSt. Jansklooster6.47
woansdei 26 febrewaris 1986E. van BenthemSt. Jansklooster6.55
sneon 4 jannewaris 1997H. AngenentAlphen a/d Rijn6.49

 

Froulju yn de wedstriid

Yn 1985 koene foar it earst froulju oan de wedstriid meidwaan. Yn dat jier wie de earst oankommende frou Lenie van der Hoorn, yn 1986 Tineke Dijkshoorn, yn 1997 Klasina Seinstra. Fan de folgjende tocht ôf is der in aparte wedstriid foar froulju. Der komt dan ek foar it earst offisjeel in winneres.

Terug naar boven