Menu

Lidmaatskip

De Feriening ûndersiket op dit stuit oft it mooglik is om alle leden by in Alvestêdetocht starte te litten. No is it noch sa dat inkeld de leden mei startrjocht yn alle gefallen starte meie en de leden mei in startkâns allinne yn in even of ûneven jier. Mei it nije belied soe it ferskil tusken leden mei in startkâns en leden mei startrjocht ferfalle en kinne alle leden meidwaan.

De ôfrûne jierren kamen der by it bestjoer in hiel soad fragen binnen oer it lede- en startbelied. Benammen de ûnwissens by de groep startkânsers, dy’t dus keppele binne oan in even of ûneven jier, is grut. It útgongspunt dêrby wie altyd it bestjoersbeslút út 1997, dat it lede- en startbelied nei de earstkommende Alvestêdetocht op ’en nij besjoen wurde soe. It bestjoer hat ferline jier besletten om it belied lykwols dit jier ûnder de loep te nimmen. It ôfrûne jier hat it bestjoer de saken goed ôfwoegen en ek praat mei ferskate partners. It bestjoer hat op de Algemiene Ledegearkomste yn desimber 2014 de leden foarlein om de mooglikheid om alle leden starte te litten fierder te ûndersykjen. De leden stimden unanym yn mei dit foarstel.

Der binne in stikmannich oerwagings wêrom’t it bestjoer fan miening is dat in ûndersyk nei in wizige belied op dit stuit past:

  • de komst fan de nije iishal yn Ljouwert by it WTC dêr’t fan 2015 ôf de yn- en útskriuwing fan de dielnimmers plakfine kin. Dat soarget foar oanmerklik minder logistike swierrichheden yn fergeliking mei de lokaasje oan no ta (fleanbasis Ljouwert);
  • de erfarings de lêste jierren by oare tochten mei mear as 50.000 dielnimmers oer 15 sintimeter iis en de fergelikingsmooglikheden mei ús situaasje;
  • de kennis oer de draachkrêft fan goed iis is ferbettere. De Feriening wol dy gegevens noch wol fia in wittenskiplik ûndersyk toetse op de eigen situaasje;
  • in ynskriuwing dy’t omtrint hielendal wetterticht is en it brûken fan in oar syn startkaart eins folslein útslút;
  • it brûken fan werkenningsmiddelen (û.o. hesjes), dêrtroch wurdt swartriden fuortdaliks sichtber en dat makket yngripen fan de organisaasje mooglik (njonken de sosjale kontrôle) en dêrtroch wurdt it oantal swartriders sterk werombrocht.

 

Dêrnjonken binne der in oantal wizigings troch te fieren dy’t in oanpast lede- en startbelied mooglik meitsje kinne soene:

  • in wizige startproseduere:
    • mear groepen,
    • in pauze nei de earste helte fan de startgroepen om de sprieding fan dielnimmers grutter te meitsjen,
    • in bytsje oanpasse fan de starttiden, sûnder grutte gefolgen;
  • alternatyf by de start oan de Swettehaven troch miskien in ekstra pontonbrêge oer it Van Harinxmakanaal, ôfhinklik fan de iistastân;
  • wizige stimpelprosessen by de stimpelposten bygelyks troch feroare opstellings en troch mear stimpelposten op it iis en, yn kombinaasje mei klúnplakken, op de kant del te setten;
  • rûte-oanpassings troch alternative rûtes te preparearjen dêr’t dat nedich is.

It bestjoer hat dit jier de tiid nommen om alle konsekwinsjes goed troch te rinnen en eventuele tûkelteammen te ûndersykjen. As út dat ûndersyk bliken docht dat it net mooglik is om alle leden starte te litten, dan wurdt it belied op dit punt net wizige. Yn de rin fan de twadde helte fan 2015 wurdt bekend wat it ûndersyk oplevere hat en oft it organisatoarysk slagget om alle leden starte te litten.

De Feriening hat op dit stuit sa’n 30.000 leden, fan harren hat likernôch 30% startrjocht en 70% hat no startkâns. Mocht it nije belied te realisearjen wêze, dan jildt dat allinne foar leden dy’t foar 1 juny 2014 lid wiene fan de Feriening. Oanmeldings nei dy datum wurde op in wachtlist pleatst en streame yn op iepenfallende plakken yn it ledebestân.

 

Opsizzen fan it lidmaatskip

Jo kinne it lidmaatskip allinne skriftlik opsizze. Stjoer dêrta in brief of in e-mail mei dêryn jo namme, adres en jo lidnûmer nei de Feriening. De adresgegevens fine jo ûnder oan de website. It opsizzen moatte jo twa moanne foar it jierliks ynbarren fan de kontribúsje oan ús trochjaan, dus fóár 1 augustus.

Terug naar boven