Menu

Rol Feriening

De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden is ferantwurdlik foar en organisearret mei har meiwurkers de Alvestêdetocht. Lykwols, by sa’n tocht komt mear te sjen as allinne dat wat op it iis plakfynt. Tink allinne mar oan de tûzenen besikers dy’t nei Fryslân ta komme as der in tocht is.

De Veiligheidsregio Fryslân (it gearwurkingsferbân fan û.m. brânwar en GGD) is tegearre mei oare helptsjinsten, ferfiersorganisaasjes, Rykswettersteat en gemeenten ferantwurdlik foar alles wat net op it iis plakfynt. Tink bygelyks oan it ferfier fan besikers en it yn goede banen lieden fan it publyk yn de stêden.

De Feriening is ferantwurdlik foar alles op it iis en alles wat betrekking hat op de dielnimmers oan de tocht. Op dy manier binne de taken goed ferdield. Fansels wurkje wy as Feriening tige nau gear mei dy partners om ta in moaie en memorabele Alvestêdetocht te kommen.

Terug naar boven