Menu

Ûnderskiedings

Eareleden

Eareleden wurde op foarstel fan it bestjoer by beslút fan de Algemiene Ledegearkomste beneamd ta earelid fan de Feriening. De foardracht fynt plak omdat dy persoanen fan bysûndere betsjutting west hawwe foar de Feriening.

Hjirûnder de hjoeddeistige eareleden fan de Feriening:

  • de hear G.G. Witsen Elias, sekretaris yn de perioade 1963-1997;
  • de hear J. van Winkelen, ponghâlder yn de perioade fan 1986-2004;
  • de hear H. Kroes, iismaster fan 1970 ôf en foarsitter yn de perioade 1994-2007;
  • de hear J. Lolkama, skriuwer en kenner fan de alvestêdehistoarje.

De hear G.W. van den Ham silger, wedstriidlieder yn de perioade 1971-1998, wie teffens earelid fan de Feriening.

 

J.D. de Jong-pinning

It bestjoer hat yn 1971 de J.D. de Jong-pinning ynsteld ta neitins oan syn, in jier dêrfoar ferstoarne, bestjoerslid J.D. de Jong. De pinning kin takend wurde oan elts dy’t him op in bysûndere wize fertsjinstlik makke hat foar de organisaasje fan de Alvestêdetocht.

Op de Algemiene Ledegearkomste fan 17 desimber 2004 rikte foarsitter Henk Kroes twa J.D. de Jong-pinningen út: oan Jaap de Jong en Arie Smit. Beide hearen hawwe har yn de rin fan in hiel oantal jierren geweldich ynset foar de Feriening. Jaap de Jong wie boekhâlder fan 1986-2004, Arie Smit is sûnt 1986 meiwurker lede-administraasje en is noch altyd aktyf foar de Feriening.

De J.D. de Jong-pinning waard dêrfoar foar it lêst útrikt op 18 desimber 1997 oan mefrou Aaf Huisman. Hja soarge der fan 1971-1997 foar dat alle jierren de EHBO-organisaasje stand-by wie. Hja krige de J.D. de Jong-pinning om har te earjen foar har formidabele ynset tidens de lêste trije Alvestêdetochten. Fia har giet de eare lykwols ek nei alle meiwurkers fan de EHBO en fan it Reade Krús dy’t by de organisaasje belutsen wiene.

Earder ûntfongen mefrou Annie de Jong-Zondervan silger, de hear Jeen van den Berg silger, mefrou Hilda Murk-de Jong silger en de hear Sijtse Sikkens silger in J.D. de Jong-pinning.

 

Brevetten

Op inisjatyf fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, de Stichting Friese Elfsteden Rijwieltocht en de Stichting Elfsteden Wandeltochten wurdt oan sporters dy’t de Alvestêdetocht op redens, op de fyts en te foet op reglemintêre wize folbrocht hawwe in alvestêdebrevet útrikt. De tochten hoege net yn itselde jier folbrocht te wêzen.

It brevet waard yn 1987 foar it earst útrikt en sûnt is dat alle jierren op feestlike wize bard. Yn 2005 waard it 1000ste brevet útrikt.

Tinke jo yn oanmerking te kommen foar it alvestêdebrevet, dan kinne jo fuortdaliks nei’t jo alle trije hjirneamde alvestêdetochten folbrocht hawwe, in oanmeldingsformulier oanfreegje by www.elfstedenwandeltocht.nl of www.11steden.nl.

Terug naar boven