Menu

De tocht

De Alvestêdetocht op redens is de earste en dêrmei de âldste tocht by de alve stêden fan Fryslân del. Oant no ta binne der fyftjin tochten organisearre, de lêste kear yn 1997. Alle jierren wurdt de tocht troch it bestjoer en oare meiwurkers folslein organisearre (op papier). De werklike útfiering is ôfhinklik fan it waar.

It gegeven dat de tocht net alle jierren organisearre wurde kin, omdat der benammen in strange winter nedich is, hat sûnder mis bydroegen oan de kultstatus fan dizze tocht. Dêrnjonken is it riden fan sa’n 200 kilometer troch it Fryske lânskip, letterlik yn waar en wyn, wiswier ek heroysk. Oft dat no as dielnimmer oan de wedstriid of oan de toertocht is, it bliuwt in prestaasje dy’t bewûndere wurdt.

Terug naar boven