Menu

Praktyske ynformaasje

Húsfesting

De dielnimmers oan de tocht binne yn prinsipe sels ferantwurdlik foar it finen fan in sliepplak yn of ticht by Ljouwert. Wol docht de Feriening in oprop oan de ynwenners fan Ljouwert om in fergees sliepplak beskikber te stellen oan de dielnimmers. Dizze oprop wurdt dien op it stuit dat de tocht útskreaun wurdt.

Dielnimmers dy’t op de dei fan ynskriuwing gjin sliepplak hawwe kinne har by ynskriuwing melde by baly ‘húsfesting’ yn de ynskriuwhal foar in sliepadres. Sa as sein binne dat fergeze sliepplakken by minsken dy’t har hûs iepenstelle foar de dielnimmers oan de Alvestêdetocht.

 

 

Tarieding

Stel: it is safier, it is tiid foar de 16de Alvestêdetocht en jo steane op it punt om diel te nimmen oan dy tocht. Fansels binne jo goed taret op dizze fantastyske, mar ek fysyk ôfgryslik swiere tocht. Dochs wolle wy jo graach noch even op de folgjende punten wize:

Blierren kinne jo tefoaren komme troch gebrûk te meitsjen fan goed passende, ynriden redens en sokken sûnder naden. Jo kinne de sokken ek binnenstbûten oandwaan. By alle earstehelpposten by de rûte lâns kinne jo jo behannelje litte foar blierren. Mar útsoarte is foarkomme better as genêze. It is goed om fan tefoaren jo hakken ôf te plakken mei sporttape of second skin. By de EHBO-posten is de foarried second skin beheind en wurdt haadsaaklik wurke mei sporttape. Wy advisearje jo dan ek om sels second skin mei te nimmen.

Klean jouwe net allinne beskerming tsjin fallen en kjeld, mar moatte ek noflik sitte. Dat betsjut, dat de klean dy’t jo drage net te strak sitte mei of krekt te los (flapperje). It is better om mear lagen tinnere klean oan te dwaan as ien inkelde tsjokke laach. Doch altyd de wanten oan en in mûtse op, ek by hegere temperatueren. In mûtse en wanten foarkomme snij- en skaafwûnen.

Hollebeskerming, yn de foarm fan in fytshelm, skyhelm of smartcap, foarkomt earnstich harsenletsel by in fal op de holle en is dus ferstannich om te dragen. By hurde wyn is de gefoelstemperatuer faak oanmerklik leger as de werklike temperatuer (windchill-faktor). Tink dêrom by ekstra kâlde en hurde wyn foaral oan wyntichte klean, bivakmûtse, dûbele wanten en in fentilearjende skybril (sjoch ek ûnder it kopke Befrieze). Dêrnjonken is it hiel ferstannich om by kâlde wyn jo gesicht en fitale dielen as beskerming yn te smarren mei wetterfrije faseline.

Iten en drinken. By it riden fan de Alvestêdetocht ferbrûke jo útsoarte in ûnbidigen soad enerzjy. De bêste brânstof bestiet út koalhydraten. Dy sitte benammen yn bôle, ierappels, earte en beane, pasta, rys, griente, fruchtesop, mueslyrepen en fruit. Neist in goede boaiem fan koalhydraten yn de foarm fan bygelyks in pastamiel twa oeren foar de start, is geregeld ite en benammen drinke tidens de tocht fan grut belang, as it kin alle healoeren. Nim gjin koalsoerhâldende dranken, mar bygelyks isotoane sportdranken. Alhoewol’t der op de rûte in hiel soad (net troch de organisaasje organisearre) mooglikheden binne om te iten en te drinken, advisearje wy jo om sels mear as genôch iten en drinken mei te nimmen.

Befrieze. By fûle kjeld en hurde wyn is it fan belang om josels en oaren te kontrolearjen op mooglike befriezingsferskynsels fan eagen, noas, earen of teannen. Wês wach op in blau-eftich wite of reade kleur fan de eagen, in hurd, gefoelleas of iiskâld gefoel (bewege wurdt pynlik) yn bygelyks teannen, en blierfoarming. As jo by josels of by oare riders merke dat hja fealgriis binne, rillerich en yn de war, agressyf, oerdreaun fleurich of ûnferskillich oerkomme, advisearje har dan om in EHBO-post op te sykjen of gean der sels hinne. Beferzen lichemsdielen moatte jo foaral noait waarm wriuwe of boppe de kachel hâlde. Brûk waarmlauwe kompressen of lauwaarm wetter, it leafst 20 oant 30 minuten.

Befriezing fan it each is te werkennen oan wazich sjen, of by oare riders oan blau-eftige, wite of reade eagen. Wichtich is it om de eagen te beskermjen mei in fentilearjende skybril. By it brûken fan in skybril mei donkere sinnebrilglêzen wurdt advisearre om lykwols in beskermjende bril mei te nimmen mei heldere glêzen, om yn it tsjuster ek noch goed sicht te hâlden. By ôfnimmend gesichtsfermogen wurde jo mei klam advisearre om jo te melden by in EHBO-post.

Dêrnjonken is it hiel ferstannich om drûge klean mei te nimmen.

Troch it iis sakje. De Alvestêdetocht wurdt allinne riden nei wiidweidige mjittings fan de tsjokkens en sterkte fan it iis oer de hiele rûte. Mochten jo dochs troch it iis sakje, doch dan it folgjende:

Besykje de râne fan it wek stikken te meitsjen yn de rjochting fan de wâl. As it iis net mear ôfbrekt, gean dan mei de rêch tsjin de iisrâne lizzen, set mei de fuotten ôf tsjin it iis oan de oare kant fan it wek en sko sa it iis op. Bliuw lizzen en lûk josels lizzend nei de kant ta. Reitsje jo ûnder it iis, sjoch dan nei it kleurferskil: leit der snie op it iis, sykje dan nei it ljochte plak; is it iis skjin, sykje dan nei it donkere plak.

 

 

Kalamiteiten

By de rûte lâns steane in protte earstehelpposten dy’t beminske binne mei in (hús)dokter, EHBO’er en ien fan de ferbiningstsjinst fan it Reade Krús. Al dizze posten binne ynrjochte foar it ferlienen fan earste help. 112 bliuwt it sintrale nûmer foar spoedeaskjende kalamiteiten op en by it iis. By it útfallen fan it mobile telefoannetwurk giet de kommunikaasje fia de EHBO-post. Alle EHBO-posten ha de beskikking oer in fêste telefoanline en in los dêrfan steand portofoannetwurk. Jo wurde driuwend advisearre om jo persoanlike gegevens, ynklusyf kontaktgegevens en eventuele medyske foarskiednis plus medisyngebrûk, maklik te finen by jo te dragen. Bygelyks op in dúdlik plak yn jo beurs.

 

Útsluting fan oanspraaklikens

Alle dielnimmers ride op eigen risiko. De Feriening oanfurdiget gjin inkelde oanspraaklikens foar ûngelokken dy’t de dielnimmer foarôfgeand oan, tidens of nei ôfrin fan de Alvestêdetocht oerkomme soene. Hjirûnder wurdt ferstien: ferstjerren en alle foarmen fan lichaamlik of geastlik letsel. De Feriening oanfurdiget gjin inkelde oanspraaklikens foar skea oan, of fermissing en stellerij fan guod dat de dielnimmer foarôfgeand oan, tidens of nei ôfrin fan de wedstriid yn syn besit hat.

 

Startkaarten

Jo kinne allinne meidwaan oan in Alvestêdetocht as jo lid binne en in startkaart hawwe. Startkaarten binne net oerdraachber, ek net oan famyljeleden. By de ynskriuwing wurdt dêr goed op kontrolearre. By de start, de oare deis, wurde jo nochris kontrolearre. Soargje derfoar dat jo op jo eigen kaart ride, dat foarkomt ferfelende en teloarstellende situaasjes by de ynskriuwing en by de start.

Omdat de Feriening yn iiswinters konfrontearre wurdt mei startkaarten dy’t op ynternet (al of net tsjin betelling) oanbean wurde, hat it bestjoer sanksjes opsteld foar it oerdragen of ferkeapjen fan startkaarten. De Alvestêdetocht is der foar de reedriders, it publyk en alle oare minsken dy’t der niget oan ha, mar net foar dyjingen dy’t der finansjeel foardiel út helje wolle. Dêrnjonken fynt it bestjoer it net akseptabel dat jo, as jo net lid binne, wol besykje diel te nimmen oan de tocht.

 

  1. Leden mei in startkaart dy’t harren startkaart fergees oanbiede: de startkaart fan it oanbelangjende lid wurdt it oanbelangjende seizoen ûnjildich.
  1. De groep neamd ûnder 1, mar dy’t dêr in fergoeding foar freget: it lid wurdt fuortdaliks royearre en kin dus net lid mear wêze en wer lid wurde fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elfsteden.
  1. Leden sûnder startkaart dy’t in fersyk yntsjinje foar it bemachtigjen fan in startkaart: as dyjinge de beskikking kriget oer in startkaart, sil dy net meidwaan kinne oan de tocht en sels it risiko drage foar eventuele betellings oan wa dan ek.

 

Om de kontrôle by de ynskriuwing en ôfmelding te fersterkjen wurdt tenei kontrolearre op leeftiid en sil fan it kommende seizoen ôf as eask by de ynskriuwing en ôfmelding frege wurde nei in jildich identiteitsbewiis (rydbewiis, paspoart of identiteitskaart). Dizze oanfolling is opnommen yn ús reglemint en de eksakte formulearring fan de tekst hjiroer sil beskikber komme op ús website.

Wy realisearje ús dat in ferskerpe kontrôle by de ynskriuwing en ôfmelding foar de measte leden net nedich is, mar ek hjir jildt wer de ferfelende situaasje dat in hiel lytse groep ditsoarte ekstra regels feroarsaket. Foar ús stiet foarop dat wy alle belangen foar al ús leden op in goede manier behertigje wolle en dat de moaiste tocht op redens beskikber bliuwt foar ús leden.

 

Ynskriuwe

Alle leden dy’t dielnimme meie en wolle oan de Alvestêdetocht skriuwe har de dei foar de tocht yn. Yn de winter fan 2015/2016 fynt de ynskriuwing plak yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Jo krije fan ús ynformaasje oer de tiid fan ynskriuwen. Jo moatte jo by de ynskriuwing identifisearje en dan ek it startjild betelje. Jo ûntfange fan ús dan in bantsje om de pols as bewiis dat jo jo ynskreaun ha. Dat bantsje jout op de dei fan de tocht tagong ta de startkoaien. Krekt as de startkaart is dat bantsje net oerdraachber!

 

Swartriders

De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden is in feriening mei leden. Allinne dizze leden meie meidwaan oan in Alvestêdetocht. Alles by de rûte lâns is ynrjochte op it oantal dielnimmers: EHBO, stimpelposten, kalamiteiteferfier, ensfh. Mochten der mear minsken de Alvestêdetocht ride, dan soarget dat foar gefaarlike en net winske situaasjes.

Wy begripe dat eltsenien graach de Alvestêdetocht ride wol, mar dielname is allinne foarbeholden oan de leden. De Feriening is dan ek net mijen mei swartriders. Alle dielnimmers ûntfange by de start in hesje dat se oan hawwe moatte. Swartriders hawwe fansels dat hesje net en binne dus werom te kennen tidens de tocht, net allinne foar de organisaasje, mar ek foar de net-swartriders. De Feriening freget dêrby ek de ridende leden om de minsken sûnder hesje (dus de swartriders) te wizen op it feit dat se mooglik gefaarlike situaasjes feroarsaakje.

Mei it wizigjen fan it lede- en startbelied dat it bestjoer op ’t heden ûndersiket, soene alle leden fan de Feriening yn it seizoen 2015/2016 starte meie, mocht de Alvestêdetocht riden wurde. As der dan swartriders binne, soene dat gjin leden fan de Feriening wêze. It bestjoer bliuwt dan ek strang kontrolearjen op swartriders.

Terug naar boven