Menu

Rûte

De Alvestêdetocht giet oer in trajekt fan likernôch 200 kilometer. Fan stêd nei stêd, oer marren, oer fearten, troch landerijen en ûnder brêgen troch. Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân, is fanâlds it start- en finishplak. De tocht liedt de dielnimmers út Ljouwert wei yn folchoarder nei de stêden Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum en oer de Bonkefeart wer werom nei de finish yn Ljouwert.

Terug naar boven